TSJERKEPAAD 2026

Lykas oare jierren is der ek dit jier wer Tsjerkepaad troch Fryslân. Mear as 300 tsjerken en tsjerkjes yn stêden en doarpen sette op saterdei de doarren iepen. Jistrum docht dit jier ek wer mei. In ploechje frijwilligers soarget dat fan 4 july oant en mei 12 septimber de doarren fan de Doarpstsjerke (Sint Petrus tsjerke) iepen binne. Tusken 13.30 oere en 17.00 oere wurde alle besikers gastfrij ûntfongen.

It tema is dit jier ‘Er zit muziek in de kerk’. Dat sil elts ûnderskriuwe kinne. It oargel fansels mar ek oare ynstruminten klinke troch de iuwen hinne yn tsjerken. Op ferskate middeis sil der muzyk te hearren wêze.

Der sil lykwols noch wat bysûnders wêze; it doel is om doopjurken fan Jistrumers tentoan te stellen op de saterdagen yn augustus. Ha jo in doopjurk dy’t faaks al generaasjes yn de famylje brûkt wurd of noch mar koart. Jou jim dan op foar dizze tentoanstelling. Dat kin by Wilma van der Sluis fia har nûmer 06-11 23 89 22. Sy kin jo dan mear fertelle. Fansels is in moai ferhaal by de jurk ek wolkom.

Fiel jim frij om efkes binnen te rinnen; yn tsjerke is elts wolkom!

Foar mear ynformaasje sjoch op: www.tsjerkepaad.nl