De eerst volgende livestream wordt hier automatisch getoond. Wilt u een uitzending terug kijken? Klik dan Hier
of klik hier voor de huidige uitzending
Lykas oare jierren is der ek dit jier wer Tsjerkepaad troch Fryslân. Mear as 300 tsjerken en tsjerkjes yn stêden en doarpen sette op saterdei de doarren iepen. It tema is dit jier ‘Levende stenen’; in tsjerke mei dan âld en somtiden lyts wêze, der is altyd libben, op hokker wize dan ek.
Jistrum docht dit jier ek wer mei. In ploechje frijwilligers soarget dat fan 5 july oant en mei 13 septimber de doarren fan de Doarpstsjerke (Sint Petrus tsjerke) iepen binne. Tusken 13.30 oere en 17.00 oere wurde alle besikers gastfrij ûntfongen. Op 23 augustus is de tsjerke lykwols ticht; dan is de iepening fan it nije MFA!
Fiel jim frij om efkes binnen te rinnen foar in praatsje of in momint stilte of gewoan om te sjen hoe moai at dit iuwen âlde gebou is.
Foar mear ynformaasje sjoch op: www.tsjerkepaad.n